tsjerkebier

Grûnstoffen

de bêste yngrediïnten

Tsjerkebier wurdt broud mei de bêste yngrediïnten, dy’t wy mei soarch selektearje en ôfnimme fan kwaliteitsleveransiers.

Mout
De ferskate soarten mout (Pilsner, Tarwe, Munich, Cara ensafh.) krije wy levere fan ferneamde mouterijen út Nederlân, België of Dútslân. Allinne mouterijen mei ûnderfining dy’t hege kwaliteitsnoarmen hantearje en sa duorsum mooglik produsearje, komme yn oanmerking foar levering oan Tsjerkebier.

Hop
De hop krije yn it earstoan farsk ferpakt fan kwaliteitsprodusinten. Mar it is de bedoeling dat wy op in stuit by de brouwerij seld (om de brouwerij hinne) hop ferbouwe sille foar eigen gebrûk, en dus fan eigen Fryske grûn.

Sûker
Foar de neigêsting op de flesse foegje wy wat sûker ta. Wy brûke dêr biologyske reidsûker út Brasilië foar.

Enerzjy
De enerzjy dy’t needsaaklik is foar bierberêding helje wy út in kombinaasje fan ierdgas en elektrisiteit. Wy binne der grutsk op dat wy hearre by de earste trije sertifisearre ôfnimmers fan Mienskipsenergie  yn Fryslân!

Op 26 april 2018 hawwe wy dit sertifikaat ûntfongen mei de útrikking fan it Mienskipsenergie Certificaat op it Zonnepark Garyp. Wy nimme dizze enerzjy ôf fia de Enerzjy Koöperaasje Easterwierrum, dêr’t de doarsmienskip fan Easterwierrum troch in jierlikse bydrage wer baat by hat.

De ‘Mienskipsmissy’ fan ús bier rikt fier!

Wetter
Op in djipte fan in pear hûndert meter yn it súdwesten fan de Fryske boaium sit it wettertrochlittende laach, dy’t ûntstien is troch in delslach fan tsientûzenen jierren. Natuerliker, skjinner en suverder as dit oarspronklike grûnwetter kin net. Dit wetter is sa bysûnder dat it in namme krigen hat: Spannenburger Oer. It wurdt troch Vitens oppompt en levere oan ús brouwerij yn Easterwierrum. De spesifike mineralogyske gearstalling, de soergraad (pH), de mylde hurdens (ºdH) en it soerstofgehalte fan dit wetter drage ta de spesifike smaak fan ús Tsjerkebier by.

Oare yngrediïnten
Fierder brûke wy foar de berêding fansels ferskate soarten gêst en ek hjouwerflokken en in fariaasje oan krûden. Foar alle yngrediïnten jildt dat de leveransiers mei soarch selektearre wurde en dat de produkten oanhâldend kontrolearre wurde.