tsjerkebier

In goeie wyn, is noch gjin bier

Oer ús en skiednis

Brouwerij Tsjerkebier BV is yn 2018 oprjochte troch twa folle neven Dotinga. In famylje mei iuwenâlde woartels om de iggen fan de âlde Middelsee hinne, yn de pittoreske Lege Geaen en de Greidhoeke.

De earste plannen foar it Tsjerkebierprojekt kamen in jier as fjouwer lyn op, neidat wy de troch ôfstân en wurk ferwettere famyljebannen wer wat oanhelle hienen. It die bliken dat wy in protte fyzjes, ambysjes, noeden en idealen mien hienen oangeande de ôfnimmende mienskipssin yn ús maatskippij, wylst it ferlet dêrfan sa minsklik is.

Dêrby siet ek it yn ûnbrûk reitsjen fan ús prachtige Fryske tsjerken yn de doarpsmienkskippen ús tige heech. Der moast dochs wat út te finen wêze om de leechte dy’t wy seagen yn dy âlde weardefolle gebouwen, op te foljen.

Tagelyk hienen wy nocht en ambysje om ús skouders ûnder wat nijs te setten, in nije útdaging oan te gean.

Wylst wy dêroer filosofearren, krigen wy op in stuit de mooglikheid om de ynstallaasjes fan in besteande bierbrouwerij yn Amsterdam oer te nimmen. Dy brouwerij soe útwreidzje en ynvestearje yn nije ynstallaasjes.

Wy namen it beslút de mooglikheid te ûndersykjen om in brouwerij foar spesjaalbieren te fêstigjen yn in âlde Fryske tsjerke, kombinearre mei in priuwlokaal en in sosjale funksje. Mei in protte help fan de Provinsje Fryslân hawwe wy in grut tal mooglikheden besjoen. Om by einbeslút ta de konklúzje te kommen dat it fêstigjen fan in brouwerij yn in âlde tsjerke logistyk en operasjoneel suver net te dwaan is; noch ôfsjoen fan fergunnings yn in beboude omjouwing, hygiëne-easken yn in âld pân en de kosten fan net-produksjerjochte boukundige oanpassings om it gebou geskikt te meitsjen.

Doe hawwe wy besletten om in mear praktyske produksjelokaasje te sykjen, mar sûnder ús oarspronklike doel út it each te ferliezen. Midden 2017 fûnen wy in poer geskikte lokaasje yn in âld timmerfabryk yn it doarp Easterwierrum. It plan om in bierbrouwerij te begjinnen koe sadwaande stal krije yn it hert fan Fryslân, healwei Ljouwert en Snits, en midden yn ‘e streek dêr’t ús famyljehistoarje leit!

Yn ‘e maitiid fan 2018 binne de ynstallaasjes út Amsterdam wei ferhuze nei Easterwierrum en op 1 maaie 2018 binne wy as famyljebedriuw út ein setten mei it brouwen fan ús Tsjerkebieren.

Tsjerkebier Dotinga familiewapen