tsjerkebier

Ús soarten

Lichte preek

Fanâlds wie it gjin reklame: in lichte preek! Dat wie: net te djip dolle, in flutsje noarmen en wearden, en alles komt goed. Wilens binne wy aardich nofterder wurden.

Tsjustere tiden? Nee hear, dêr is noch genôch ljocht te finen. As jo it mar sjen wolle! Lykas dizze Lichte Preek, mei syn blommich hoparoma. Tsjoch!

De smaak

Dizze Lichte Preek is makke fan Spannenburger Oer grûnwetter, gerstemout, hop, gist en korianderzaad.

Alc. 5,8% vol.
EBC 7
IBU 30

De alderling

Se binne der noch altyd: âlderlingen. Se hâlde alles draaiende, mei oare frijwilligers. Se diele yn it leaf en leed fan in protte minsken, en hearre soms hiel wat.

In goeie âlderling fielt him by elke besite wer like grien. Dan wolle jo neitiid wol eefkes bytaapje. It der eefkes oer hawwe. Alderlingen ûnder elkoar. Tsjoch!

De smaak

Dizze Alderling is makke fan Spannenburger Oer grûnwetter, gerstemout, hop en gist.

Alc. 7,4% vol.
EBC 56
IBU 25

Swiere Dûmny

Wêr binne se bleaun, de swiere dûmnys? Dy’t mei dûnkerreade hollen preken oer sûnde en straf? Der sit net folle goeds oan in minske, wy moatte it fan boppen hawwe!

Dizze Swiere Dûmny is oars. Hoewol, jo hoege de gek net mei him te hawwen. Hy freget gâns fan lichem en geast. Mar dêr krije jo ek wat foar werom. Tsjoch!

De smaak

Dizze Swiere Dumny is makke fan Spannenburger Oer grûnwetter, gerstemout, hop, gist en korianderzaad.

Alc. 8,1% vol.
EBC 12
IBU 28