tsjerkebier

Us Missy

Wat het dorpscafé u biedt, haalt u ergens anders niet

de tsjerkebier missy

Djipwoartele yn ús minslik aard leit it ferlet oan smûkens en ienzens. Yn ús kultuer fyne wy die faaks by famylje, freonen en ferienings as op sosjale moetingsplakken en media. Mar iuwenlang hawwe in protte minsken die ek fûn yn de tsjerken, dy’t fanút in ferskaat oan religies, ûntstien binne. Die religieuze byning nimt ferskuorende hurd ôf; lykwols bliuwe de tsjerken noch altiid bepalend foar it lânskip, de stêden en de doarpen as karakteristieke beakens fan eardeistige mienskipssin.

Allinne al yn’t skoandere Fryske lânskip fyne wy mear as 700 tsjerken. In protte steane yn ûnbrûk en fertuteazje. Guon krije in nij jaske mar foar in hiele protte driget leechstân en ferfal.

De Tsjerkebier missy is foar it behâld fan dizze monuminten en hja yn harren authentieke wearde te brûken foar aktiviteiten en projekten op it mêd fan pleatselike ienigens en wolwêzen. Yn ús âlde Fryske tsjerken wolle wy yn gearwurking mei de lokale befolking, gemeentes en provinsje de oarspronkelike geast fan de mienskipssin wer yn de flesse krije.

Dit doche wy troch, yn in eardeistige timmerfabryk mei sicht op de 13e-iuwske Ald Toer fan de Tsjerkebuorren, in iuwenâld brouwsel fan wetter, koarn, hop en gêst te meitsjen en in diel fan de opbringst fan dizze bisûndere ambachtelike en goed smeitsjende spesjaalbieren yn te setten foar projekten dy’t we ûntwikkelje om dizze missy ta stân te bringen.

Ideeën ha we genôch. Yn de maitiid binne wy begûn mei it meitsjen fan it spesjaalbier. Neist de gisting-en lagertanks ha wy ek in “tinktank” yn ús brouwerij……in grutte tafel yn it fermidden fan it priuwlokaal wêr’t ideeën mei in hiel soad kreative geasten útwurke wurde.

Op ús webside hâlde wy jimme op de hichte fan alle ûntjouwingen.

Tsjerkebier is spesjaalbier mei in missy.

Groetnis de Brouwer